Man net goed wurden yn auto

07 okt 2011 - 19:59

De plysje hat freed yn Drachten in man út syn auto befrijd doe't hy út de tiid rekke wie. De man stie mei syn auto op de Leidyk en wie net oansprekber. Earder hie de plysje al in melding binnenkrigen dat de man gefaarlik oan it riden wie. Omdat de doarren fan de auto op slot sieten, ha aginten in rút ynslein.

Ambulânsepersoniel hat de man út de auto helle en nei it sikehûs brocht. It is net dúdlik wat him mankearde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)