Seehûn deariden op Ofslútdyk

07 okt 2011 - 13:55

Op de Ofslútdyk is freed in seehûn deariden. It bist stuts de dyk oer om fan de Waadsee nei de Iselmar te gean. In frachtwein ried it bist oan. De sjauffeur hat mooglik neat fan de oanriding meikrigen en ried troch.

In automobilist warskôge de seehûnekresj yn Pieterburen. Dy hawwe it bist ophelle en sille it stoflik omskot ûndersykje. It is neffens de kresj seldsum dat seehûnen de dyk oerstekke. Gewoanwei geane se fia de sluzen op en del.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)