Waad as duorsum fakânsjegebiet

07 okt 2011 - 12:55

It buro foar toerisme Friesland-Holland sil it Fryske waadgebiet ynternasjonaal promote mei it projekt Waddenzeeland. Mei dat projekt presintearje se it waadgebiet as duorsume fakânsjebestimming en hoopje se mear ynternasjonale toeristen te lûken.

Sokke duorsume fakânsjes bestean foaral út fytsfakânsjes, boatfakânsjes en kuierfakânsjes. 26 jannewaris sil it buro it waadgebiet foar de earste kear promote yn Flaanderen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)