Begraafplak Wolvegea wer iepen

07 okt 2011 - 10:28

It katolike begraafplak yn Wolvegea is wer iepensteld. It begraafplak wie dizze wike sletten fanwege de saak fan de 52-jierrige man dy't syn ferstoarne heit út it grêf helle en it stoflik omskot yn de Skipsleat smiten hie.

It stoflik omskot is wer te hôf brocht. Leden fan de katolike mienskip bewekken it begraafplak, mar dat is opheft.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)