Bekeurings by ferkearskontrôle

07 okt 2011 - 09:50

De plysje hat tongersdei 23 prosessen-ferbaal útdield by in ferkearskontrôle yn de buert fan Harns. De kontrôle rjochte him foaral op lânbouferkear, oanhingweinen en lytse frachtweinen. De bekeurings wiene ûnder oaren foar it riden sûnder rydbewiis, oerbelading en ferkearde kentekenplaten.

By in kontrôle yn Drachten waarden alve bekeurings útdield by in kontrôle. Dy kontrôle wie rjochte op auto's dy't brûkt wurde by it ferfier fan ôffal en gefaarlike stoffen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)