Marco Bizot rêdt Jong Oranje

06 okt 2011 - 23:04

Cambuur-keeper Marco Bizot kaam nei in oere foar Jong Oranje yn it fjild yn de wedstriid tsjin Eastenryk. Syn kollega Jeroen Zoet (RKC) hie doe in reade kaart krigen nei it delheljen fan Andreas Weimann. Op dat stuit stie it 1-0 foar Jong Oranje troch in betide goal fan Nacer Barazite.

Bizot kearde de ynset fan alve meter fan Raphael Holzhauser. Ek dêrnei bleau er tsjin in folle better Eastenryk de baas. Jong Oranje hat no trije wedstriden spile en allegear wûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)