Banemerk yn WTC Expo

06 okt 2011 - 17:11

Wurksykjenden koene tongersdei telâne op in banemerk yn it WTC Expo yn Ljouwert. Hurdfytser Loes Gunnewijk iepene de merk moarns. Op de banemerk wiene ek workshops, tips foar de cv en fakatueres. It wie de earste kear dat de banemerk foar de hiele provinsje hâlden wurdt. Dêrfoar organisearre elke stêd syn eigen merk.

De merk wie benammen rjochte op minsken dy't al wat âlder binne of dy't in lichaamlike beheining hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)