Ungelok op A32 by Idaerd

06 okt 2011 - 16:53

Op de A32 by Idaerd hat tongersdei tsjin healwei fiven in slim iensidich ûngelok west. In auto mei twa ynsitters gong oer de fangrail en kaam krekt foar de tunnelbak telâne. Dy tunnel ûnder de A32 ferbynt Idaerd mei Reduzum. Ien slachtoffer is mei de ambulânse nei it MCL brocht. It twadde slachtoffer is mei de traumahelikopter nei it UMCG yn Grins brocht.

De A32 waard in skoftsje ôfsletten om de helpferlieners de romte te jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)