Húsdokters demonstrearje

06 okt 2011 - 12:35

De helte fan de Fryske húsdokters demonstrearret tongersdei yn Amsterdam tsjin de ryksbesunigings. Mei minder jild binne se ek minder beskikber foar pasjinten. Dy moatte dan faker nei it sikehûs en sa wurde de soarchkosten allinnich mar heger, sizze de húsdokters.

Minister Schippers fan Folkssûnens fynt dat oeral besunige wurde moat, ek by húsdokters. Se wol wol prate oer ôfspraken, dat der nei 2012 wer jild nei de húsdokters giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)