Plan foar silend frachtskip

06 okt 2011 - 11:35

De provinsje Fryslân betellet mei oan in nij silend frachtskip yn Harns. De ecoliner brûkt de helte minder brânstof as in normaal skip. It bedriuw Fairtransport út Den Helder wol it skip bouwe. Deputearre steaten stelle 150.000 euro beskikber.

It skip kostet mei-inoar tusken de 15 en 17 miljoen euro. Njonken it jild fan de provinsje hopet it bedriuw op jild fan ynvestearders. It skip soe yn 2014 klear wêze moatte. It is de earste ecoliner fan de wrâld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)