Fierste hurd ride by Dokkum

De plysje hat woansdeitejûn by Dokkum fan twa automobilisten it rydbewiis ynnaam, omdat se te hurd rieden.
Op de Lauwersseewei waard in 37-jierrige Dokkumer trapearre. Hy hie 161 kilometer op de teller te stean, wylst dêr 100 it maksimum is. Op de Hearrewei gie in 27-jierrige automobilist út Dongeradiel yn 'e fout. Hy ried 150, wylst op dt dyk op syn heechst 100 kilometer yn de oere riden wurde mei.