Fryske bekerstriid útferkocht

06 okt 2011 - 09:44

De bekerwedstriid tusken Sportklup Hearrenfean en Harkemase Boys is útferkocht. Supporters fan Hearrenfean koene sûnt ferline wike freed kaarten keapje en hawwe dat massaal dien. Fan de 5000 kaarten dy't Harkemase Boys krigen hat, binne noch wol in tal beskikber. Mar de klup ferwachtet dat dy tongersdeitejûn ek allegearre fuort binne.

De wedstriid tusken Hearrenfean en Harkemase Boys wurdt spile op tiisdei 25 oktober. It begjint om 18.45 oere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)