Boargemaster: prate oer Redmar

© Omrop Fryslân
Boargemaster Arie Aalbers fan Dantumadiel wol mei alle belutsen partijen om de tafel om te praten oer de ferwurking fan de dea fan Redmar Smedema. Tiisdei waarden de seis fertochten frijsprutsen fan belutsenheid by syn dea foarich jier nei in fjochtpartij yn Club Q.
De rjochter sei dat de 'sletten folkskultuer' in grutte rol spile yn it plysjeûndersyk. De boargemaster wol de neisten helpe te ferwurkjen dat der gjin dúdlikheid kaam is oer syn dea.