IPO-kongres yn Ljouwert
It jierlikse kongres fan de tolve provinsjes yn Nederlân sil takom jier yn Ljouwert hâlden wurde. Op 2 en 3 oktober binne alle provinsjebestjoerders en harren steateleden te gast yn it fernijde provinsjehûs oan de Twabaksmerk yn de stêd.
Dat is bekend makke by it IPO-kongres fan dit jier dat de ôfrûne twa dagen yn Haarlem hâlden waard.