Frysk jild by Dexia

05 okt 2011 - 19:12

De provinsje Fryslân hat obligaasjes mei in wearde fan 10 miljoen euro by de yn problemen rekke bank Dexia. It giet om twa obligaasjelieningen fan fiif miljoen euro it stik, dy't troch de Belgyske steat garandearre wurde soenen. De iene liening rint op 28 oktober ôf, de oare rint noch troch oant 2017.

It is net bekend oft der ek Fryske gemeenten binne dy't jild op Dexia-rekkens hawwe.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)