13 miljoen foar kondinsfabryk

05 okt 2011 - 14:26

FrieslandCampina ynvestearret de kommende tiid 13 miljoen euro yn it eardere kondinsfabryk fan ccFriesland yn Ljouwert. FrieslandCampina wol yn Ljouwert de produksjekapasiteit fan molkpoeier fergrutsje, want de fraach nei molkpoeier yn benammen Afrika en Azië nimt ta. It fabryk krijt ek in nije yndamper en nije molkliedings.

Neffens wurdfierder Rob van Dongen smyt de ynvestearring yn Ljouwert sa'n tsien nije banen op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)