Kontrôle fan lânboumasines

De plysje hat de ôfrûne wiken 116 lânboumasines kontrolearre. De plysje wol sjen oft de boeren har yn dizze drokke tiid wol oan de ferkearsregels hâlde. Der binne 16 warskôgingen en 17 boetes útdield. Faak gie it om mankeminten oan ferljochting, spegels dy't net goed stiene of skerpe ûnderdielen dy't útstutsen.
Ien bestjoerder ried mei in trekker mei in swiere tankwein sûnder remmen der achter. De hydraulyske koppeling wie stikken. Dy is fuort wer makke.