LEAF yn Snits wol útwreidzje

05 okt 2011 - 10:41

Snobbersguodfabrikant LEAF wol takom jier flink útwreidzje yn Snits. De produksje fan kaugom moat ferdûbele wurde. Dat smyt 20 wurkplakken op. De ferheging fan de produkje is nedich om't LEAF mear kaugom ferkeapje wol yn it bûtenlân.

It is ûnwis oft de gebouwen fan LEAF feroarje moatte. De lokaasje is koartlyn foar in part monumintaal wurden. Dêrom is ferbouwe dreech. De direksje spande in rjochtsaak oan tsjin de monumintestatus, mar ferlear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)