Ljouwerter pakt foar bedriging

05 okt 2011 - 10:19

De plysje hat tiisdei in Ljouwerter (30) yn Stiens oanhâlden. Hy hie syn eks-freondinne bedrige. Bewenners fan De Ekers wiisden de plysjes it paad nei de man, dy't yn in tún achter ien fan de hûzen stie. Yn syn auto fûn de plysje amfetamine.

De man is nei it plysjeburo brocht. De frou hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)