Boat yn brân by De Lemmer

© Omrop Fryslân
Krekt bûten de haven fan De Lemmer is tiisdeitejûn in boatsje yn brân flein. In wettersporter wie mei syn motorjacht oan it farren op 'e Iselmar, doe't der brân ûntstie.
De man hat syn boat nei de dyk fan de Noardeastpolder fearn en koe der sels feilich fan board komme. De brânwacht fan Creil hat de flammen blust. De rêdingboat fan De Lemmer hat it skip nei de haven fan De Lemmer sleept.