Opsterlân: 1 miljoen besunigje

04 okt 2011 - 16:05

Opsterlân wol de kommende twa jier goed ien miljoen euro besunigje. Dat wol de gemeente dwaan troch ûnder oare te besparjen op WMO-ferfier, op ûnderhâld fan iepenbier grien en op sportfjilden. Op biblioteken en muzykûnderwiis wurdt foarearst net besunige.

Ek nei 2013 sil besunige wurde yn Opsterlân om in driigjend tekoart fan 2,5 miljoen euro yn 2015 foar te kommen. De gemeenteried sil ynkoarten te set oer de begruttingsfoarstellen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)