Frijspraak yn saak-Smedema

04 okt 2011 - 14:07

De Ljouwerter rjochtbank hat tiisdei de haadfertochte yn de saak-Smedema út Damwâld frijsprutsen. De offisier fan justysje easke earder in selstraf fan trije jier tsjin de 20-jierrige Damwâldster.

De man is frijsprutsen omdat neffens de rjochtbank de tsjûgeferklearrings net spesifyk en betrouber genôch binne om bewize te kinnen wa't Redmar Smedema de fatale klap jûn hat. Smedema kaam yn april 2010 om it libben by in fjochtpartij yn Club Q.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)