Gjin byienkomst yn Wolvegea

04 okt 2011 - 11:00

Yn Wolvegea komt gjin spesjale ynformaasjebyienkomst oer de man dy't dit wykein syn heit fan it roomsk-katolike begraafplak helle en yn it wetter fan de Skipsleat smiten hat.

Dat hat de gemeente Weststellingwerf besletten. Boargemaster Van Klaveren hat moandei wol mei de belutsen famylje oerlein. In buertagint hat yn Wolvegea in ynventarisaasje makke en derút blykt dat der gjin ferlet is yn it doarp om in spesjale gearkomste te hâlden om oer de saak nei te praten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)