Ynbraak yn Frjentsjerter kafee
De plysje yn Frjentsjer is tiisdeitemoarn begûn mei in ûndersyk nei in ynbraak yn in hoarekasaak oan de Breedeplaats. Nei it stikken meitsjen fan in doar hat de dief of dieven in jildbedrach út de saak meinaam.
De ynbraak hat moandeitenacht plakfûn.