Bromfytskontrôle by Marsum

04 okt 2011 - 09:47

Yn Marsum en Jelsum hat de plysje tiisdeitemoarn betiid 17 bestjoerders fan in bromfyts bekeurd. Dat waard dien by in kontrôle wêrby't sa'n 80 bromfytsen besjoen waarden.

Acht bekeurings waarden útdield foar it opfieren fan de bromfyts. De oare boetes wiene foar it riden mei glêde bannen en foar minne ferljochting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)