Kok Smink wint priis

03 okt 2011 - 17:11

Kok Jan Smink fan restaurant de Heeren van Harinxma yn Beetstersweach hat de Sulveren Sjampinjon wûn. Dat is in wedstriid foar restaurant- en hobbykoks. De sjuery wie goed te sprekken oer de winnende mielen.

Oan it grut ferskaat oan techniken wie goed te fernimmen dat Smink earder oan wedstriden meidien hat. Sa wie de kok de help fan Marco Poldervaart by de striid om de Bocuse d'Or yn Lyon.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)