Bestjoer drafbaan hâldt op

03 okt 2011 - 15:12

It bestjoer fan drafbaan Victoria Park yn Wolvegea hâldt dermei op. Dat hat it bestjoer ûnder lieding fan Arend Fledderus sels besletten yn oerlis mei eigner Casper Veldink fan de drafbaan.

Yn plak fan it bestjoer komt no in manager foar hiele dagen yn tsjinst. Neffens Veldink binne der nije ympulsen nedich om de drafbaan wer rendabel te meitsjen. De namme fan de nije manager wurdt nei nei alle gedachten takom wike bekend makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)