Twa ûngelokken op A6

03 okt 2011 - 12:46

Op de A6 by Eastersee hawwe moandeitemoarn tsjin alven twa ûngelokken west. Yn de rjochting fan De Jouwer fleach in auto mei karre oer de kop. Fan de trije ynsittenden rekken twa ferwûne. Sy binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De karre kaam yn de middenberm telâne.

Dêrnei wie der op de oare baan in ûngelok mei in frachtauto. De sjauffeur kaam dêrby fêst te sitten yn de kabine. Hy moast der troch de brânwacht úthelle wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)