Ofspraken oer griene provinsje

03 okt 2011 - 11:54

It Noarden moat yn 2020 fjirtich kear safolle grien gas produsearje as no. Dat hawwe de fjouwer noardlike provinsjes moandeitemoarn ôfpraat mei minister Verhagen fan Ekonomyske Saken en steatssekretaris Atsma fan Ynfrastruktuer en Miljeu. Dat diene se op it provinsjehûs yn Assen. Fryslân sil de kommende jierren it elektrysk farren en riden noch mear ûntwikkelje.

It noardlike bedriuwslibben stekt nei ferwachting tusken 20.000 en 30.000 euro yn enerzjy oant it 2020 ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)