Mear geweld sosjale tsjinsten

© Omrop Fryslân
It Iepenbier Ministearje en de plysje moatte mear omtinken jaan oan ferfolging fan bedrigers fan sosjale tsjinsten. Dat tinkt haad tsjinstferliening Herman Jillings fan de Tsjinst Sosjale Saken en Wurkgelegenheid Noardwest-Fryslân.
It geweld tsjin meiwurkers fan sosjale tsjinsten is acht persint heger yn fergelyk mei fjouwer jier ferlyn. Doe begûn it ministearje mei in programma om geweld yn de publike sektor te bestriden.