Ballonfarders helje skea yn

03 okt 2011 - 10:00

Ballonfarders ferwachtsje dat it moaie waar fan de lêste twa wiken it mislearre seizoen dochs noch in bytsje goedmakket. Fan 't simmer waarden in soad fearten útsteld fanwege de hurde wyn. Dy wurde no ynhelle.

De minne simmer hat neffens Pieter Kooistra fan it Noardlik Ballonfeartsintrum net foar grutte finansjele skea soarge. De ballonfarders hawwe it dizze dagen drok. Njonken ynhelfearten binne der ek in soad ekstra boekings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)