De Vries rydt pr yn Erfurt

02 okt 2011 - 17:21

Maratonreedrider Douwe de Vries fan It Hearrenfean hat snein yn Erfurt in knap persoanlik rekôr riden op de 5000 meter. Yn de iishal dy't ferneamd is nei Gunda Niemann, ried de Fries 6.26,54. Dizze tiid wie boppedat de rapste op de fiif kilometer yn Dútslân.

Rob Hadders en Joost Juffermans makken it Nederlânske poadium kompleet.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)