Botsing mei fytser op dyk

(foto Alex Zwart)
In fytser (19) út Tersoal is sneontenacht ferwûne rekke by in oanriding. In automobilist (48) út Akkrum ried op de Butlânswei doe't er in fyts op de dyk lizzen seach. Wat fierder lei in man op de dyk. De bestjoerder trape fûl op de rem, mar koe in botsing net foarkomme.
De brânwacht helle it slachtoffer ûnder de auto wei. Hy is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. De plysje ûndersiket it ûngelok.