'Klassiek geeft' yn Harmonie

02 okt 2011 - 13:06

De Harmonie yn Ljouwert stipet de aksje 'Klassiek geeft' fan Radio 4. Minsken kinne oant en mei 14 oktober har âlde of brûkte ynstruminten ynleverje by de stedsskouboarch. De Harmonie jout de ynstruminten troch oan projekten dy't te krijen ha mei muzykedukaasje. Radio 4 komt mei de aksje om't de stjoerder fynt dat alle bern rjocht ha op muzikaal ûnderwiis.

Minsken kinne de ynstruminten alle dagen by De Harmonie ynleverje, útsein sneins.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)