Lichem yn Wolvegea fûn

02 okt 2011 - 12:54

Yn Wolvegea is sneintemoarn it lichem fûn fan in ûnbekende man. De man lei yn it wetter oan de strjitte Aan de Schipsloot. De brânwacht hat it lichem út it wetter helle.

De plysje ûndersiket oft de man troch in misdriuw om it libben kaam is. De identiteit fan de man is noch ûnbekend.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)