30 km op Hurddraversdyk

02 okt 2011 - 11:16
It gemeentehûs fan Skarsterlân

De Hurddraversdyk op 'e Jouwer wurdt folslein ynrjochte as 30-kilometersône. De bewenners hiene dêr sels om frege.

De gemeente Skarsterlân woe allinnich it stik dyk tusken it DE-plein en de Dr. Wumkesstrjitte oanpakke. Mar neffens de omwenners wurdt op de Hurddraversdyk no fierstente hurd riden. De werynrjochting fan de dyk kostet fjouwer euroton.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)