Hûndert huzen by De Broek

02 okt 2011 - 10:43

De gemeente Skarsterlân wol by De Broek-Súd by De Jouwer maksimaal hûndert wenningen oan iepen farwetter realisearje. Der wurdt al jierren praat oer wenningbou by De Broek-Súd. Yn earste ynstânsje soene der 500 huzen boud wurde, mar troch de ekonomyske krisis waard dat oantal bot werom brocht. Dêrnei kaam der in plan foar rekreaasjewenningen, mar neffens de gemeente sitte dêr tefolle finansjele risiko's oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)