Sera fjirde by Songfestival

De 11-jierrige Sera út Drachten is sneontejûn fjirde wurden yn de nasjonale finale fan it Junior Songfestival. Se krige mei de 12-jierrige Joël út Utrecht 24 punten. Rachel fan 13 út Wouw wûn en mei op 3 desimber nei it Junior Eurovisie Songfestival yn Armenië.
Sera song Never Give Up. Yn de heale finale lei se der út, mar mei de publyksstimmen fia ynternet krige se in wildcard en kaam se dochs noch yn de finale.