H'fean pakt punt by Vitesse

Sportklup Hearrenfean hat sneontejûn mei 1-1 lykspile tsjin Vitesse. De ploech fan Ron Jans wie lange tiid better, mar krige amper kânsen. Nei in oere krige Vitesse mear macht yn dizze matige wedstriid. Yn de 88ste minút waard it 1-0 troch Wilfried Bony. Troch in goal yn blessueretiid makke ferdigener Jeffrey Gouweleeuw dochs noch de 1-1. It wie de earste goal foar Gouweleeuw yn tsjinst fan It Fean.
SC Hearrenfean stiet no alfde mei tsien punten út acht wedstriden.