Aris wint fan lânskampioen

01 okt 2011 - 23:11

De basketballers fan Lasaulec Aris binne it nije seizoen úteinset mei in oerwinning op de kampioen fan ferline jier ZZ Leiden. Yn it Kealledykje wûnen de Ljouwerters sneon mei 87-81.

Aris, ûnder lieding fan de nije trainer Erik Braal, hie eins de folsleine wedstriid in lytse foarsprong. Pas yn it lêste kwart naam Aris echt ôfstân. Nijeling Lance Jeter wie de grutte man mei 30 punten. Ek Tjoe de Paule wie mei 20 punten belangryk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)