Literêre treinreis yn Fryslân

01 okt 2011 - 16:38

Yn Fryslân ried sneon in literêre trein. Reizgers fan Ljouwert nei Starum waarden ûnderweis traktearre op literêre en muzikale optredens. Skriuwer Hylke Speerstra die syn ferhaal. Hy skreau it kadoboek dit jier. Keapers fan Fryske boeken krije syn boek der fergees op ta as se foar tsien euro keapje.

De treinreis fynt plak yn it ramt fan de Moanne fan it Fryske boek om it Fryske boek op 'e kaart te setten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)