Bedriging mei pistoal yn Snits

01 okt 2011 - 15:24

Twa manlju en in frou út Snits binne freedtenacht oanhâlden foar bedriging. Ien fan de mannen hie yn de Alberdastrjitte minsken mei in pistoal bedrige. Tsjûgen fertelden de plysje dat er mei twa oaren útnaaid wie.

It arrestaasjeteam fan de plysje hâlde de minsken op twa adressen yn Snits oan. Dêrby binne fjouwer luchtdrukwapens en in mes yn beslach naam. De fertochten sitte noch fêst. It binne manlju fan 29 en 62 en in frou fan 37 jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)