Primeur by testlab Vitens

01 okt 2011 - 14:13

Vitens sil teste oft membraamfilters skjinmakke wurde kinne mei CO2 yn plak fan mei gemikaliën. Dat kin in trochbraak betsjutte. It is ien fan de ynnovaasjes dy't ûntwikkele wurdt yn it lab by Vitens yn Noardburgum. Dêr wurdt ûndersyk dien nei it suverjen fan drinkwetter. Der wie sneon iepen dei. Moandei is de offisjele iepening.

Membraamfilters wurde brûkt om sâlt wetter swiet te meitsjen. De filters moatte mei gemikaliën skjinmakke wurde. Der is al patint oanfrege.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)