Man misbrûkt alarmnûmer 112

In ynwenner (21) fan Koatstertille is freedtenacht oanhâlden. Hy hie 112 belle en sein dat in man slim ferwûne rekke wie nei't er mei in izeren staaf slein wie. Doe't de plysje kaam, wie der gjin slachtoffer. De plysje fûn wol de melder. Hy wie dronken en ferfelend.
Doe't de plysje fierder socht, belle de man wer 112 om it adres troch te jaan wêr't it slachtoffer siet. Dêr trof de plysje de beller en ien dy't sei dat it ferhaal betocht wie.