Slachtoffer meldt him

De fytser dy't de plysje socht, hat him melden. Op kamerabylden wie te sjen dat er mishannele waard by in tankstasjon op It Hearrenfean. Hy melde him nei in oprop fan de plysje yn de media.
It giet om in 41-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean. Hy waard sûnder reden troch in ûnbekende man fan syn fyts trape. Dy hie dêrfoar ek al in oar lestich fallen by it tankstasjon. Nei de dieder wurdt noch hieltyd socht.