Nipt ferlies Friesland Flyers

01 okt 2011 - 01:35

De iishockeyers fan It Hearrenfean binne it nije seizoen úteinset mei in nipte nederlaach tsjin Geleen. Op Thialf waard it fia de perioadestannen 2-2, 0-1 en 1-1 úteinlik 3-4.

De ploech fan it trainersduo Bekkering en Kroon hie in bliksemstart mei in goal yn 'e earste minút en kaam dêrnei sels op 2-0. Geleen pakte troch in sterke twadde perioade dochs de folle winst. Snein spylje de Flyers de twadde bekerwedstriid yn en tsjin Tilburch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)