Lead stellen fan skoaldak
Fan it dak fan in skoalle oan de Paulus Potterstraat yn Wolvegea is 120 meter lead stellen. It metaal wie ferwurke yn de rânen fan it dak. Wannear't de stellerij krekt west hat, is net dúdlik. Meiwurkers fan de skoalle kamen der dizze wike achter.
It stellen lead hat in wearde fan sa'n 12.000 euro. De plysje is in ûndersyk begûn nei de dieders.