Oantinkens oan Hella Haasse

30 sep 2011 - 16:36

Hella Haasse, ien fan de belangryskte Nederlânske skriuwers nei de oarloch, is op 93-jierrige leeftiid ferstoarn. Se hat hast santich boeken skreaun en dêr ferskate prizen foar krige.

Klaas Betten fan Stiens hat goede herinnerings oan Hella Haasse. As bestjoerslid fan de Stifting Freonen fan de Iepenbiere Bibleteek Ljouwert helle er har yn 1992 nei Ljouwert. Se waard yn teater Romein ynterviewd oer har boek Heren van de thee. De oare deis liet er har Fryslân sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)