Undersyk Antillenflat ûnnedich

Foto: Omrop Fryslân
In nij, ûnôfhinklik ûndersyk troch de Undersyksried foar de Feiligens is net nedich by de Antillenflat yn Ljouwert. Dat seit direkteur Frans Kooiker fan wenningstifting WoonFriesland. It ûndersyk dat it bedriuw Econstruct al dien hat, is prima. As bewenners fan de flat dochs noch fragen hawwe, kinne se better earst yn petear mei de ûndersikers, fynt Kooiker.
De bewennerskommisje wol in nij ûndersyk nei it ynstoarten fan de galerijen op 23 maart.