Sporthal Dokkum: earst 6 ton

© Omrop Fryslân
Foar de bou fan in nije sporthal yn Dokkum moat in earste bedrach op it kleed komme fan sawat 6 ton. Dat jild kin neffens B en W pas beskikber steld wurde as de gemeenteried fan 1,2 miljoen euro besuniget.
B en W wolle in nije sporthal yn Dokkum bouwe litte, njonken swimbad It Tolhúsbad. De âlde sporthal De Trimmer en de gymnastykseal yn de Huoddemakkerspolder soene dan sloopt wurde moatte. De plannen moatte noch goedkard wurde troch de gemeenteried.